De cd ‘WetterKâld’ is lâns dizze webside fysyk te bestellen en dan krijst der in skitterende hoes en, ast derfoar kiest, in dvd by, mar downloade kin ek: de plaat is fansels te finen op CDBaby. Sjoch hjir.
‘WetterKâld is een belofte die Reina Rodina in de toekomst nog veel meer volgelingen zal bezorgen’
- Abe de Vries, Friesch Dagblad
‘Prachtige Friestalige muziek die tussen ambient en post-rock zweeft’
- 3voor12/Friesland
WetterKâld, op it rântsje fan stilte en gaos, wie yn 2011 in súksesfolle reizgjende popfoarstelling dy’t plak fûn op en by it Fryske wetter. Dit multydissiplinêre, Frysktalige popkonsert fan sjongeres/muzikante Reina Rodina waard fan juny 2011 ôf op ferskate data yn de provinsje brocht. De natuer en it waar spilen in wichtige rol by it barren. Yn novimber 2011 ferksynt de cd mei deselde namme.
21 juny 2011 Premjêre, Ljouwert: op de langste dei en foar de koartste nacht (útferkocht)
22 juny 2011, Ljouwert
23 juny 2011, Ljouwert
1 july 2011, Drachten (útferkocht)
2 july 2011, Burgum
17 septimber 2011, Greidhoek’ festival, Wommels
24 septimber 2011, by it Freeze festival, Ljouwert
30 septimber 2011, Foarstreek 73, Ljouwert
17 novimber 2011, Poppodium Romein, Ljouwert, Albumpresintaasje
Klik hjir foar de foto’s fan de simmertour!
_____________________________________
De cd ‘WetterKâld’ is lâns dizze webside fysyk te bestellen en dan krijst der in skitterende hoes en, ast derfoar kiest, in dvd by, mar downloade kin ek: de plaat is fansels te finen op CDBaby. Sjoch hjir.
De cd ‘WetterKâld’ ferskynt op tongersdei 17 novimber, en wurdt presintearre mei in konsert yn Poppodium Romein yn Ljouwert. De earste, hiel positive resinsje ferskynde al op 11 novimber: sjoch hjir.
Tagelyk mei de cd komt ek de live-dvd út, dy’t sketten is by de simmerkonserten fan 2011, midden op it wetter. Dy sil dus ek te ferkrijen wêze yn Poppodium Romein (foar in hiel lege priis), mar is lykas de cd fansels ek te bestellen op dizze webside.
De tige spesjale cd-slúf is meisin makke mei ekstra romte foar de dvd, sadat de cd en dvd mei-inoar bewarre wurde kinne.
De dvd befet it folsleine konsert, draaid op 21, 22 en 23 juny en op 1 en 2 july, de bysûndere hinnereis fol mei Reina’s klanken en yndrukwekkende natuer, de weromreis en as bonus noch de fideoklips foar ‘Fier’ en ‘Boppe Wetter’.